Boelensleane: gjin slûpferkear

07 mrt 2003 - 00:00

Pleatslik Belang Boelensloane is benaud foar slûpferkear as de Betonwei sletten wurdt. De provinsje komt mei in omliedingsplan, mar de rûte oer Boelensloane leit it meast foar de hân as je nei Drachten ta wolle. Alle dagen ride der goed 10.000 automobilisten.

Mei de oanpak fan de Betonwei is freed begûn. De kommende oardel jier krijt de dyk, dy't fanwegen de platen as keboem-dyk bekend stiet, nij asfalt tusken De Rottevalle en De Harkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)