Boelens Jorritsma fallyt

29 apr 2009 - 16:49
  • De makelder is fallyt

Makelderskantoar Boelens Jorritsma hat it fallisemint oanfrege. It bedriuw hat acht festigings yn it Noarden. Yn febrewaris krigen al 75 minsken dien. Yn Fryslân wie Boelens Jorritsma aktyf op It Hearrenfean en yn Snits. Ljouwert wie al ferdwûn.

NVM-foarsitter Meindert de Graaf is net alhiel ferrast dat it bedriuw it net rêdt. It relatyf grutte bedriuw hie in soad overheadkosten. It bedriuw hat te lijen hân fan de stagnaasje op de huzemerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)