Boelens Glas fallyt

25 nov 2009 - 11:39

Boelens Glas is fallyt. It bedriuw hat festigings yn Ljouwert, Grins en Dronten. It fallissemint is tiisdei útsprutsen troch de rjochtbank. Yn Ljouwert wurkje goed 20 minsken. By de festiging yn Grins wurkje nochris 5.

It fallissemint is opmerklik om't it bedriuw yn 2008 noch útwreide waard mei de festiging yn Dronten. De ferwachting wie doe dat der groei wêze soe. Boelens Glas is de grutste glêsgruthannel yn it Noarden en bestiet al sûnt 1913.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)