Boekje oer feilich útgean

13 apr 2008 - 09:32

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat sneontenacht it boekje 'ABC voor een kroegtijger' presenteard. Yn dat boekje steane tips en ynformaasje om it útgean yn Ljouwert feilich en leuk te hâlden. Der stiet ûnderoare yn wat Ljouwert allegear docht om de feilichheid fan it útgeanspublyk mooglik te meitsjen.

Sneontenacht is ek de pratende kamera yn gebrûk naam. Dy warskôget minsken as se har net oan de regels hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)