Boekje foar earste kommuny

19 sep 2007 - 06:47

It bisdom Grins-Ljouwert presintearre tiisdei yn Ljouwert de nije oanpak om katolike bern ta te rieden op har earste kommuny. Diaken Peter Vermaat hat in boekje foar achtjierrigen skreaun dat yllustreard is mei tekeningen fan Guida Joseph. Fierder is der in cd makke mei lieten der op.

Yn alve lessen wurde de wichtige saken fan it leauwen op boartlike wize behannele. Biskop Eijk krige it earste eksimplaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)