Boekhoven net skuldich

03 sep 2009 - 07:34
  • Boargemaster Boekhoven

Boargemaster Boekhoven fan Nijefurd hoecht útspraken yn de Ljouwerter krante oer in Warkumer ûndernimmer net te rektifisearjen. Dat hat de rjochter bepaald. De ûndernimmer hie de rjochter om de rektifikaasje frege, mar dy fynt dat de útlittings net ûnrjochtmjittich binne. Boppedat hie de gemeente oanklage wurde moatten en net de boargemaster.

Neffens de ûndernimmer beskuldige de boargemaster him yn de krante fan bedriging en yntimidaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)