Boekhoven bliuwt yn Nijefurd

03 nov 2004 - 13:40

Hans Boekhoven bliuwt mooglik oant syn pinsjoen boargemaster fan de gemeente Nijefurd. De gemeenteried hat tiisdeitejûn besletten om Boekhoven foar te dragen foar noch in perioade.

Boekhoven kaam yn 1998 nei Nijefurd. Dêrfoar wie er ûnder oare boargemaster fan Skiermûntseach. Boekhoven is no 58 jier en begjint yn prinsipe oan syn lêste perioade. De foardracht moat noch goedkard wurde troch kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)