Boekhannel: keapje net by Bol

05 apr 2012 - 12:15

Boeken binne by Bol.com net goedkeaper as by de pleatslike boekhannel. Minsken dy't wolle dat boekwinkels bestean bliuwe dogge der dêrom goed oan om de boeken dêr te bestellen. Boekhannel Burgum hat in oprop mei dizze tekst publisearre yn de pleatslike krante Actief.

Ek by Boekhannel Burgum stiet de omset ûnder druk. Undernimmer Franke Atsma fan dizze boekhannel wol de minsken troch it pleatsen fan dizze advertinsje foarljochtsje oer it feit dat de boekhannel like djoer of like goedkeap is as Bol.com.

De aksje fan Atsma is yn syn eigen winkel it gesprek fan de dei. Hy krige ek ferskate adheezjebetsjûgings fan Burgumers, dy't him taseine har boeken altiten yn eigen doarp te bestellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)