Boekhannel ek nei Grins ta

02 jan 2008 - 13:55
  • Boekhannel Van der Velde begjint festiging yn Grins (argyffoto)

Boekhannel Van der Velde iepent meikoarten in festiging yn de stêd Grins. De boekhannel hat al saken yn Ljouwert, Snits en Drachten. It ôfrûne jier hat Van der Velde de merk yn Grins ferkend. No is in plak fûn. Yn in eardere moadesaak oan de A-kerkhof komt de winkel. Der wurdt ek in ferdjipping geskikt makke foar literêre byienkomsten.

Yn de nije saak kinne 10 minsken oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)