Boekhâlding Iephôf nei Tresoar

03 aug 2009 - 14:33
  • It argyf fan 'e Iephôf bestiet út 91 tsjokke boeken

De boekhâlding fan beamkwekerij de Iephôf yn Bûtenpost wurdt ynkoarten oerdroegen oan Tresoar yn Ljouwert. Túnhistoarjeleafhawwers binne der tige bliid mei. Want it giet om mear as in ieu oan nijsgjirrich materiaal.

It Iephôfargyf fertelt in protte oer beamsoarten en túnoanlis yn benammen de 19de ieu. Njoggen generaasjes Bosgra hawwe mei it kweken fan beammen en struken de kost fertsjinne. Fan 1860 ôf is der hiel sekuer in boekhâlding byhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)