Boekewikegeskink as treinkaart

09 feb 2004 - 00:00

Op fertoan fan it Fryske Boekewikegeskink kin op snein 29 febrewaris fergees reizge wurde mei de trein. It boekewikegeskink mei as titel 'Oar plak oare tiid' is skreaun troch Jetske Bilker. It frij reizgjen jildt foar de trajekten Ljouwert-Harns, Ljouwert-Grins en Ljouwert-Starum.

It Fryske Boek hat de aksje yn gearwurking mei Noordned organisearre. Oanlieding is de Fryske Boekewike fan 29 febrewaris oant en mei 6 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)