Boekewike in súkses

09 mrt 2003 - 00:00

De Fryske Boekewike hat dit jier in grut súkses west. It boekewikegeskink, de novelle Sniewinter fan Durk van der Ploeg, is tige goed ûntfongen troch it publyk.

Ek de literêre jûnen mei skriuwers en musikanten hiene net oer belangstelling te kleien. Neffens direkteur Durk Hibma fan stifting It Fryske Boek ha dy jûnen noch nea sa'n soad publyk lutsen as dit jier. Yn totaal ha 1500 minsken de literêre jûnen besocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)