Boekewike offisjeel ôfsletten

15 mrt 2014 - 22:47
  • Ien fan de skriuwers op it boekebal wie Jelle Brandt Corstius (rjochts)

It lanlike Boekebal foar Lêzers dat sneontejûn hâlden waard yn De Harmonie yn Ljouwert hat neffens de organisaasje rûchwei tûzen besikers lutsen. Yn De Harmonie koene minsken yn de kunde komme mei de skriuwers Tommy Wieringa, Jelle Brandt Corstius en Frank Westerman. Der wiene lêzings, muzyk en foarlêssesjes. Mei it boekebal foar lêzers waard de lanlike boekewike offisjeel ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)