Boekerige fan gerjochtshôf

24 jan 2003 - 00:00

It Ljouwerter gerjochtshôf begjint mei in eigen boekerige. As earste ferskynt ein febrewaris it boek 'Om des gewetens wille', fan vice-president Hermans. It boek giet oer it ferset by it hôf tsjin de Dútske besetters.

Der steane noch mear boeken op priemmen, oer ferneamde en nijsgjirrige saken fan de lêste fyftich jier. Mei de boekerige wol it hôf soargje foar mear begryp en kennis oer it wurk fan de rjochters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)