Boeken foar fakânsjegongers

26 mrt 2013 - 22:45
  • Boeken biblioteek

Fakânsjegongers op It Amelân kinne by it besprekken fan har fakânsje ek boeken bestelle. Dat is in nije service fan de biblioteek.

Fia de webside fan VVV Amelân kin oanjûn wurde hokker boeken de fakânsjegongers graach op it eilân lêze wolle. As de gasten dan op it eilân komme, dan lizze de boeken klear. Biblioteken Noardeast Fryslân, de biblioteekservice Fryslân en de VVV ha de service betocht. Foar leden fan de Fryske biblioteken is it bestellen fan boeken fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)