Boeken achterlitte en meinimme

23 feb 2007 - 12:35

Yn fiif Fryske biblioteken wurdt 1 maart in 'Book Crossing Zone' iepene. Minsken kinne dêr boeken achterlitte dy't oaren fergees meinimme kinne. Lêzers kinne op ynternet witte litte wat se fan in boek fine. Doel is om mear minsken oan it lêzen te krijen.

De boeken kinne oeral achterlitten wurde, ek yn in supermerk of op in stasjon. De biblioteken fan De Jouwer, It Hearrenfean, Easterwâlde, De Gordyk en Wolvegea dogge mei oan 'crossing'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)