Boekekrante foar Fryske boek

05 aug 2014 - 18:55
  • Skriuwers en frijwilligers

De stifting Tsjil lit freed in boekekrante drukke dy't op 225-tûzen adressen yn Fryslân besoarge wurdt. It is ien fan de aksjes fan de stifting om mear Fryske boeken te ferkeapjen. Ferline jier is in pilot dien troch by de doarren del boeken te ferkeapjen; it suteljen. Dat wie in grut súkses. Dit jier krijt it in ferfolch. Dat kin troch de finansjele stipe fan goed 25-tûzen euro fan de provinsje. Ek wurdt yn seker tsien doarpen opnij sutele en yn septimber wurdt yn Drachten in Fryske boeketrijedaachse hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)