Boekebeam Princessehof kapt

25 jul 2011 - 12:27
  • Foto: Evert vd Berg/Omrop Fryslân
  • Foto: Rob Pieters/Omrop Fryslân

De 125 jier âlde monumintale reade boekebeam foar keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert is moandei omhelle. De beam wie oantaast troch swammen en dêrtroch wie it net mear fertroud om him stean te litten. Eardere protesten tsjin it omkappen fan de beam hawwe dus neat úthelle.

It giet om twa soarten swammen. De iene, de reuzeswam, taast it woartelstelsel oan en de oare, de tonderswam, de stam. Ynkoarten wurdt in nije reade boek op it plak plante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)