Boeke fia sintrale webside

13 sep 2006 - 14:08

It boeken fan in ûnderkommen of ekskurzje yn Fryslân kin meikoarten fia ien sintrale webside. De VVV's fan It Amelân en Lauwerslân wurkje mei TNO en ferskate hegeskoallen oan it opsetten fan sa'n webside.

Yn in pilotprojekt op It Amelân sille de ferskate partijen de kommende moannen útsykje wat de mooglikheden binne. Sa wurdt sjoen nei it boeken op lokaasje fia mobile tillefoan of in spesjale terminal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)