Boek Winsemius út 1622 op sjochdei feilinghûs

22 mrt 2015 - 12:45

Yn Amsterdam wie dit wykein it boek "Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant" út 1622 te besjen. It boek fan lânshistoarikus Pierius Winsemius wurdt feild by feilinghûs Adams. Yn it boek binne njonken alderhanne teksten ek in protte detaillearre kaarten te finen. It boek is bysûnder om't it hielendal mei de hân ynkleure is en der stiet in opdracht fan Pierius Winsemius sels yn.

De feiling slút tiisdei om 19.00 oere.

Yn Bynt is tiisdei in reportaazje te sjen oer de sjochdei yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)