'Boek Van Maaren is ûnsin'

04 jun 2003 - 00:00

It boek fan âld-boargemaster Van Maaren fan Ljouwert is folsleine ûnsin. Dat sei âld-wethâlder Hermien de Haan fan Ljouwert. Fierder wol De Haan net op de ynhâld reagearje.

Van Maaren en De Haan hiene in konflikt oer in ferneatigjend rapport oer de OZB-affêre. De Haan woe dat net iepenbier meitsje, Van Maaren wol. De gemeente skeat der mear as 2 miljoen euro by yn troch de affêre. De Haan stapte dêrnei op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)