Boek Swarte Ingels fergees

07 feb 2011 - 12:22
  • Skriuwer Willem Schoorstra

De roman Swarte Ingels fan Willem Schoorstra is fan moandei ôf fergees te krijen yn fyftjin biblioteken. It giet ûnder oare om de festigings op It Hearrenfean, yn Drachten, Boalsert, Kollum en Burgum. De fergese boeken binne te krijen yn it ramt fan Fryslân Lêst Syn Toppers, bedoeld om mear minsken oan it lêzen te krijen.

Op 17 febrewaris is yn Dokkum in litêre jûn oer ûnmooglike leafdes. It tema is ynspirearre op 'e roman fan Schoorstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)