Boek oer WO II yn Dongeradielen

31 jan 2005 - 14:25

Der komt in boek oer de Twadde Wrâldoarloch yn de Dongeradielen. It idee is ûntstien by de lêste betinking fan de fusillade yn Dokkum. Goed 60 jier lyn waarden dêr 20 mannen fusilleard troch de Dútsers.

Yn it boek wurde ferhalen en foto's út de oarlochstiid bondele. De bedoeling is dat dy ferhalen benammen op de skoallen yn de regio brûkt wurde. It boek moat foar de betinking fan 4 maaie presinteard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)