Boek oer tsjerke Hoarne

24 mrt 2007 - 13:00

Oer de tsjerke yn Hoarne op Skylge is in boek útkommen. It is skreaun troch de Rotterdamske arsjitekt Ruige. Hy hat him tusken 1963 en 1969 dwaande hâlden mei de restauraasje fan de tsjerke. Nei syn pensjonearring hat er de skiednis fan de tsjerke opskreaun.

Ruige ferstoar yn 2003 en liet de tsjerke it manuskript nei. De Friese Pers hat it boek no útjûn ûnder de titel 'Klei en Oven, scheppen en geloven'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)