Boek oer slach op Ofslútdyk

06 jul 2004 - 16:14

Oer de slach by de stelling fan Wûns en op de Ofslútdyk yn de Twadde Wrâldoarloch komt in boek. Yn de begjindagen fan de oarloch is der swier fochten tusken de Nederlânske troepen yn de Kazematten en Dútse soldaten.

It boek wurdt skreaun om in goed byld te krijen fan wat him dêr ôfspile hat. Tsjûgen dy't by de Ofslútdyk wennen of dêr fochten, wurde ynterviewd en yn Dútslân wurdt argyfûndersyk dien. It boek moat oer twa jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)