Boek oer pleatsen Oranjewâld

17 mrt 2005 - 16:19

De monumintale pleatsen fan Oranjewâld hearre ta de Fryske kultuerhistory dy't beskerme wurde moat. Dat sei wethâlder Buwalda fan It Hearrenfean hjoed by de presintaasje fan it boek oer dizze pleatsen. Museum Willem van Haren op it Hearrenfean jout it boek út.

Yn Oranjewâld wiene eartiids trije bûtens dêr't 24 pleatsen by hearden. Fjouwer dêrfan binne noch yn bedriuw. De oanlieding foar it útjaan fan it boek is de fytsrûte by de pleatsen del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)