Boek oer Olympyske helden

24 mrt 2010 - 13:40
  • Henk Gemser krige it earste boek fan Ids Postma
  • Skriuwer Johannes Lolkama

Yn it reedrydmuseum yn Hylpen is woansdei in boek presintearre oer Olympyske helden. De offisjele titel is: Olympische Spelen, hardrijden 1894 tot en met 2010. It boek is skreaun troch Johannes Lolkama.

It earste eksimplaar waard woansdei oan âld-rider, âld-trainer en sjef de mission fan de ôfrûne Winterspelen Henk Gemser útrikt troch syn âld-pupil Ids Postma. By it twadde eksimplaar gie it oarsom. Dat krige Ids Postma fan Henk Gemser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)