Boek oer Noardeast-Fryslân

20 apr 2008 - 09:39

Histoaryske Feriening Noardeast Fryslân hat by it 20-jierrich bestean in boek presinteard. Yn it boek mei de titel 'Op 'e praatstoel' stean hast fjirtich ferhalen fan ynwenners fan it gebiet. Dy fertelle oer de perioade fan 1850 oant no.

It boek is makke troch fjirtjin frijwilligers fan 'e histoaryske feriening ûnder einredaksje fan Reinder Tolsma. Hy krige sneon yn Eastrum it earste eksimplaar oerlange.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)