Boek oer Marianne Vaatstra

04 apr 2007 - 22:09

Der komt noch foar dizze simmer in boek út oer de moard op Marianne Vaatstra. Sjoernalist Bart_Bakker skriuwt it boek. Marianne_Vaatstra waard acht jier lyn dea fûn yn in greide by Feankleaster.

Bart_Bakker is de eardere foarljochter fan Twadde Keamerlid Hilbrand_Nawijn. Bakker beskriuwt yn it boek hoe't hy tsjin it ûndersyk nei de dea fan Marianne oansjocht. Hy is derfan oertsjûge dat de dieder fûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)