Boek oer Makkumer skipswrak

25 jan 2011 - 22:02
  • In board út it rom fan de tsjalk

In Makkumer tsjalk dy't sonken is by Hoarn, stiet sintraal yn in nij boek oer de Sudersee. Sneon wurdt it presintearre. It wrak fan 18 meter lingte waard yn 2002 fûn troch Rykswettersteat. Yn it rom waarden gieltsjes, estrikken, dakpannen en Makkumer ierdewurk fûn.

Pas ferline jier waard in notysje fûn oer it fergean fan in Makkumer tsjalk. Doe waard dúdlik dat it skip yn novimber 1752 fergien is. It skip leit noch altiten op de boaiem by Hoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)