Boek oer lânoanwinning

01 des 2001 - 00:00

De direksje Noard fan Rykswettersteat hat in boek útbrocht oer de lânoanwinning út de Waadsee by Fryslân en Grinslân. It boek hyt 'Van landaanwinning naar kwelderwerken' en beskriuwt de 20jierrige skiednis fan de lânoanwinning.

De lânoanwinning hie earst as doel de lânbou oan mear grûn te helpen. Tsjintwurdich ha de gebieten in wichtige betsjutting foar de natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)