Boek oer kazematten

10 apr 2013 - 15:35
  • Boer oer skiednis kazematten Ofslútdyk

Foar it earst is de hiele skiednis fan de kazematten op de Ofslútdyk fêstlein: fan ûntwerp en bou ta de Twadde Wrâldoarloch en de Kâlde Oarloch. Dêrnei waarden de ferdigeningswurken net mear brûkt. Skriuwer John Verbeek fan it boek is ien fan de oprjochters fan it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân.

Yn 'e jierren '80 wiene der in soad reünys mei feteranen dy't yn 'e kazematten op de Ofslútdyk sitten hawwe. Verbeek betocht doe al dat er alle ferhalen fêstlizze woe yn in boek. Sawat tritich jier letter is it der ek echt fan kaam.

It boek stiet ek wiidweidich stil by de gefjochten mei de Dútsers yn de maaiedagen fan 1940. Fan de belutsen soldaten libbet noch ien. Dat is de 94-jierrige Roelof Korporaal út Kollum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)