Boek oer Hearrenfean plagiaat?

28 maaie 2001 - 00:00

De skriuwers Wio Joustra en Yme Kuiper ha yn in nij boek oer sportklub Hearrenfean hiele stikken letterlik oerskreaun út in boek fan Albert van Keimpema.

Boekenresensint Klaas Jansma hat harren hannelwize yn syn boekebesprekrubryk by Omrop Fryslân plagiaat neamd. Yn in reaksje seit Joustra dat hy neat misdien hat. Van Keimpema wurdt yn it boek nammentlik neamd as ien fan de boarnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)