Boek oer Friezen om utens

30 sep 2011 - 18:41
  • Foto: Dirk Baron, Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is freed it boek 'Friezen yn 'e Frjemdte' presintearre. It boek beskriuwt de skiednis fan de Fryske kriten yn binnen- en bûtenlân. It earste eksimplaar gie nei deputearre Jannewietske de Vries. Ek kabaretier Rients Gratama krige in eksimplaar. Dat wie omdat er faak spilet by Fryske kriten.

It boek kostet 75 euro en keapers krije der in DVD mei unyk byldmateriaal by. It boek kin besteld wurde by It Frysk Boun om Utens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)