Boek oer De Twee Gebroeders

14 okt 2013 - 21:33
  • skûtsje Drachten

Ein dizze moanne wurdt in boek presinteard oer it Drachtster skûtsje De Twee Gebroeders. Dat wurdt dien by it jubileumfeest foar it skûtsje, fanwege it 100-jierrich bestean. It boek is skreaun troch Hattum Hoekstra, dy't sûnt syn 14e meifart op it skip. Hy beskriuwt de hichte- en djiptepunten fan De Twee Gebroeders en jout ek in byld fan it skûtsjesilen yn it algemien.

Neist tekst stean der ek in soad foto's yn it boek. Dat is te bestellen fia de webside fan it skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)