Boek oer bloedbad yn Dokkum yn 1572

06 maaie 2015 - 11:45

Direkteur en konservator Ihno Dragt fan de stichting Museum Noardeast-Fryslân presintearret tiisdei syn boek 'Ontsnapt aan het bloedbad, Hendrik van Bra's verhaal over de Waalse Furie van 1572 in Dokkum'. It boek giet oer it grutste bloedbad dat Dokkum ea meimakke hat, goed 443 jier lyn.

De skriuwer hat him basearre op in tsjûgeferslach fan húsdokter Hendrik van Bra. Dy fertelt hoe't de opstân tsjin de Spaanske besetter de kop yndrukt waard troch hiersoldaten út Walloanië yn tsjinst fan de Spaanske kening. Dêrby foelen 400 oant 500 deaden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)