Boek mei mearkes Dam Jaarsma

21 maaie 2014 - 14:43

Deputearre Jannewietske de Vries rikt freed de earste twa eksimplaren fan it nije ferhaleboek 'Mearkes út ‘e Wâlden' út. It boek mei folksferhalen sammele troch Dam Jaarsma wurdt yn Eastermar presintearre. Grietje van den Bosch-Tibbesma, beppesizzer fan Geeske Kobus en Hinke de Roos-Bijma, pakesizzer fan Anders Bijma krije it boek. De folksferhalen yn it boek binne tusken 1950 en 1980 opfandele by allerhanne fertellers yn de Wâlden. Fan Geeske Kobus en Anders Bijma binne in soad ferhalen opnommen.

It boek ferskynt yn it ramt fan it Dam Jaarsmajier dy't hûndert jier lyn berne is. Jaarsma sammele in soad op it mêd fan folkskultuer. Hy skreau mear as sechtjintûzen ferhalen op. Jurjen van der Kooi makke in seleksje fan 125 ferhalen foar it boek 'Mearkes út ’e Wâlden'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)