Boek Koningsvaandel oerhannige

16 apr 2014 - 16:25
  • Pieter Winsemius

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma nimt woansdeitemiddei by Tresoar it earste eksimplaar fan it boek 'Het koningsvaandel, reis door het verleden van Friesland' yn ûntfangst. Ald-minister Pieter Winsemius skreau it boek oer de Fryske skiednis, mei dêryn ûnder oare it ferhaal oer it keningsfaandel fan Friso, de earste Fryske kening.

It nijste boek van Winsemius is basearre op de 'Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant', in boek út 1622 skreaun troch Pierius Winsemius. Beide skriuwers binne lykwols gjin famylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)