Boek foar soldaat Poortema

11 okt 2008 - 11:10
  • Yn jannewaris dit jier kaam Poortema om

Freonen fan de yn Uruzgan omkommen soldaat Aldert Poortema (22) út Drylts hawwe in boek foar him skreaun. Freed is de bondel mei tsientallen ferhalen oerlange oan de âlden en freondinne fan Poortema. Yn it boek fertelle syn freonen hoe't se it drama belibbe hawwe. De korporaal kaam yn jannewaris om it libben yn Afganisten doe't by in hússiking in fjoergefecht ûntstie.

De dea kaam keihurd oan by syn freonen dy't harren gefoelens en fertriet yn harren jeugdhonk dielden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)