Boek foar prinses Laurentien

10 sep 2013 - 11:19
  • Boeken biblioteek

Prinses Laurentien nimt woansdei yn museum Belvédere op It Hearrenfean it eksimplaar fan it boek 'De avonturen van Auke' yn ûntfangst. Dit docht se yn it ramt fan de wike fan de alfabetisearring. It boek giet oer Auke, de reedrydheld mei lês- en skriuwproblemen en is skreaun troch 300 bern fan tolve skoallen yn de provinsje.

Prinses Laurentien is foarsitter fan de stichting Lezen & Schrijven. Doel fan it boek is om bern te stimulearjen om mei lêzen en skriuwen oan de slach te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)