Boek foar alle Lemsterlanners

28 jun 2011 - 15:21

Alle ynwenners fan Lemsterlân krije takom jier in boek oer de skiednis fan de gemeente. It boek wurdt skreaun nei oanlieding fan de nije gemeente De Friese Meren, dêr't Lemsterlân yn opgiet. De gemeente hat in bedrach fan 100.000 euro beskikber steld. Wa't it boek skriuwe sil is noch net bekend.

De ried hat fierder 20.000 euro beskikber steld foar kulturele aktiviteiten, ek ta gelegenheid fan it opheffen fan Lemsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)