Boek ferkearsslachtoffers útjûn

15 jun 2006 - 21:48

De neisoarch foar ferkearsslachtoffers en neibesteanden is noch net goed regele. Dat seit Wiebe Warber, sels ferkearsslachtoffer en gearstaller fan it boek 'De verstomde schreeuw'.

Dat boek is tongersdeitemiddei yn Ljouwert presintearre. Der steane ferhalen yn fan tolve minsken en neibesteanden dy't belutsen west ha by in ûngelok. Neffens Warber moat de oerheid mear dwaan om de soarch oan neibesteanden te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)