Boek Braaksma op IBBY-list

19 jul 2007 - 13:25

It boek 'Oeral binne bisten' fan Machiel Braaksma is selektearre foar de Honour List 2008 fan de IBBY. Dat is de International Board on Books for Young People. Op de twajierlikse list komme boeken dy't der kwalitatyf útspringe.

Yn 2006 waard it boek ek al troch de Internationale Jugendbibliothek München útkeazen foar de list mei White Ravens. Dat is in seleksje fan bysûndere boeken út 45 lannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)