Boek 'Alde leafde' offisjeel presintearre yn Drachten

06 nov 2014 - 22:33

It boek 'Alde leafde' is tongersdeitejûn offisjeel presintearre yn it Van der Valk Hotel yn Drachten. Yn it boek steane leafdesbrieven fan tsien leafdes, skreaun tusken 1941 en 1971. De brieven binne oanfold mei in autentike troufoto fan de tsien pearen en in koart libbensferhaal.

De bondel is makke nei in oprop oan minsken om harren brieven yn te stjoeren. De skriuwers en ûntfangers fan de brieven wienen tongersdei ek by de presintaasje oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)