'Bod Telegraaf op NDC'

12 feb 2010 - 10:54

De Telegraaf Media Groep soe in bod fan 50 miljoen euro dien ha op de Noordelijke Dagblad Combinatie NDC. Dat meldt parseburo Dow Jones Nieuwsdienst op basis fan ferskate boarnen. De NDC jout de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden út. Jan de Roos, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de NDC, seit dat de geruchten net wier binne.

In oername is ek net oan de oarder om't it bedriuw der neffens De Roos finansjeel 'stevich' foar stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)