Bocht út Prinses Margrietkanaal by Burgum

15 okt 2015 - 08:49
  • It nije stik fan it Prinses Margrietkanaal

By Burgum wurdt tongersdeitemoarn in nij part fan it Prinses Margrietkanaal iepene. It stik is fiifhûndert meter lang en rint no oer in akwadukt fan de Sintrale As hinne. Yn de âlde sitewaasje siet der in brêge. Ek is der in bocht út it kanaal helle. Dy bocht soarge foar ûnfeilige sitewaasjes om't skippers mekoar net goed sjen koenen. Ek wie it foar grutte skippen dreech om mekoar hjir te passearjen.

It Prinses Margrietkanaal is sûnt ferline jier eigendom fan it Ryk. Rykswettersteat hat it wurk útfierd yn gearwurking mei de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)