Bobbers wolle WK-medalje

09 okt 2012 - 14:20
  • De bobslydploech

De bobslydploech mei dêrby de Friezen Sybren Jansma en Jeroen Piek giet dit jier foar in medalje op it WK. Ferline seizoen einigen se noch as fjirde. Dêrneist wol it team in Olympyske nominaasje binnenhelje. Dêrfoar is in plak yn de top 8 op ien fan de wrâldbekerwedstriden nedich.

De doelstellingen waarden tiisdei presintearre op in byienkomst yn Ermelo. Dêr waard ek de nije haadsponsor Nathan Group presintearre. Neffens de bobbers hie de sport op stjerren nei dea west sûnder de jildsjitter.

Oer twa wiken begjint it seizoen mei wedstriden yn Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)