Bobbers Jansma en Piek alfde

22 jan 2012 - 14:38
  • Sybren Jansma

De fjouwermansbob mei de Friezen Sybren Jansma en Jeroen Piek is alfde wurden by de sânde wrâldbekerwedstriid yn it Switserske St. Moritz. It fjouwertal besteande út stjoerman Edwin van Calker, Arno Klaassen, Jansma en Piek finishte 0,77 sekonden efter de winner, it Dútske team ûnder lieding fan Maximilian Arndt.

Sneon kaam Jansma tegearre mei Van Calker yn aksje mei de twamansbob. Doe einigen beide mannen op in fjirtjinde plak. Ek by de twamansbob wie Arndt de rapste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)