BOB-kampanje by sportwedstriden suksesfol yn Fryslân

20 nov 2014 - 11:38
  • (foto-ympresje)

It tal Friezen dat nei in sportwedstryd mei alkohol efter it stjoer stapt, nimt ôf. Yn fergelyk mei 2011 is dat oantal mei fjouwer persint nei ûnderen gien. Dat makket Sport Fryslân bekend.

De delgong soe benammen komme troch de Bobsport-kampanje. Promoasjeteams wiene by 25 sporteveneminten oanwêzich en wiisden sporters en supporters derop dat se ôfspraken meitsje moatte oer wa't der nei de wedstryd weromrydt. Under oaren fuotbal-, tennis- en keatsferienings krigen ynformaasje oer de Bobsport-kampanje. De kampanje wurdt yn 2015 trochset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)