Bob de Vries wint spektakelmaraton Grins

06 feb 2016 - 22:40
  • Bob de Vries wint yn Grins

Bob de Vries hat sneontejûn yn in spektakel de maraton fan Grins wûn. Yn de 16e maraton om de KPN-maratoncup wie de Haulster de rapste fan in kopgroep fan acht man. Dy acht hiene it peloton op trije rûntsjes efterstân setten. Simon Schouten, ploechmaat fan de winner waard twadde, Bart de Vries, broer fan de winner, tredde. It wie foar Bob de Vries alwer de tredde oerwinning dit seizoen, wylst er troch it langebaanriden lang net oan alle maratons meidocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)